
- Dit evenement is voorbij.
‘It Nut’ – Holocaust/Hollywood
februari 24 @ 20:00 - 23:30
€10It ynkringende foarstelling giet oer it libben fan de Dútske/Tsjechyske Joadske skriuwster Ilse Weber en har bern. Ilse Weber skreau harkspullen en prachtige gedichten. Har wurk en oangripende bylden út konsintraasje kamp Theresienstadt foarmje it sintrale tema fan dit meartalige stik. Yn 1944 waard de propaganda film Theresienstadt: ‘Der Fuhrer schenkt den Juden eine Stadt’. De nazi’s rjochten yn it kamp sabeare kafe’s en winkels yn om it gehiel oansjen te jaan fan in normale libbensomjouwing. De moaie bylden ferburgen de grouwélige wierhied.
It teäterstik lûkt in parallel tusken Nazi-propaganda-filmwrâld en de ynfloed fan de sosjale media fan hjoeddedei. Ilse Weber har wurk beskriuwt it deistige libben yn Theresienstadt sa yntins, dat men by it hearren fan de teksten harren finzene fiele yn in klaustrofobyske horror fan de oarloch en ferfolching.
De Dútsk-talige gedichten, dy’t se yn it geheim yn de ghetto skreau, wie foar de gefangene in stipe om troch te setten. Eppie Dam hat in tal gedichten op yndukwekkende wize oerset yn it Frysk.
Holocoast/Hollywood wurdt spile troch
Inez Timmer en Tseard Nauta.
Kaarten via: itnutjkb@gmail.com